Fertelconcert Kattekwea

09 12 2023
|
Categorie: Agenda
Fertelconcert Kattekwea, 9-12-2023 20:00 uur
‚Kattekwea‘ is in fleurich, ferhalend konsert mei yn de haadrol it repertoire fan de legendaire Fryske Folkband Irolt.

‚Kattekwea‘ nimt it publyk mei nei de optimistyske jierren ’70, doe't Irolt it populaire boechbyld wie fan de Fryske folk.

It fertroude repertoire fan Irolt hat yn ‚Kattekwea' in nije jas krigen, mar de jasbûsen sitte noch propfol fertroude refreinen en hearlike herinneringen, presenteart troch twa yn it sâlt bebiten artysten dy’t it ûndogensk wêze net ferleard hawwe.

Inez Timmer wie de frontfrou van Irolt, spyle yn ca 30 musicals, wie nominearre foar har fertolking fan Mme Armfeldt (Nederlandse Reisopera), helle de heale finale by The Voice Senior, wûn de publykspriis plus jurypriis by it Ouderensongfestival 2021, skreau in dozyn theaterprogramma’s en heart súver by it Frysk Kultureel Erfgoed.

Peter van der Zwaag is de fêste begelieder fan hast alle kleinkunstdiva’s in Fryslân en dêr buten, en boppedat in betûft arrangeur en orkestlieder.

 

 

Contact & Locatie

Dorpshuis "De Bining"
Wylde Tulpstrjitte 2
9056 PW Cornjum
tel: 058-2571690
Mail: klik hier