“Underweis”

28 10 2022
|
Category: Agenda
Mei de Sneinsjongers 28 en 29 oktober

Yn de foarige Flapút hawwe wy ferteld dat wy “de Sneinsjongers”
dien wurk meitsje wolle mei ús foarstelling “Underweis”.
Wy binne drok oan it oefenjen en alle puzzelstikjes begjinne op
harren plak te fallen. Wy geane dan ek op folle krêft nei de optredens op freed 28 en sneon 29 oktober 2022

Sa as jim njonken lytsen wol witte is “Underweis” in programma
wer by’t jim oan de hân fan film, muzyk, sang en téater mei op reis
nommen wurde troch ús doarpen. Eigenaardichheden, fertriet, wille
en leafde komme foarby.

En fansels nei ôfrin muzyk Freed spilet Great Lake en sneon Weima & vd Werf
Reservearjen. De optredens binne dus freed 28 oktober en sneon 29 oktober
2022. Oanfang 20.00 oere yn doarpshûs “De Bining“ yn Koarnjum.

Mei grutte tank oan ús sponsoren kinne wy dit alles dwaan.
En dat foar in yntree fan € 5,- (meirekkene in kop kofje of tee).
Wolle jim komme dan graach reservearje. Sûnder reservearjen nei
De Bining komme kin fansels ek, dan jildt fol=fol”.

Reservearje kin fanôf no mei email of tillefoan.
Graach by reservearjen mei email opjaan:
– namme, adres en tillefoannûmer,
– hokker jûn en hoefolle kaarten.
Emailadres: geertbeeksma@planet.nl
Tillefoannûmers: 058-2572025 (Tineke Dijkstra) of 058-2574668
(Geert Beeksma).


Contact & Locatie

Dorpshuis "De Bining"
Wylde Tulpstrjitte 2
9056 PW Cornjum
tel: 058-2571690
Mail: klik hier