Acta Theater én Muziek

12 04 2019
|
Category: Agenda

'It komt wer foar 't ljocht!'

 

spilet:

 'It komt wer foar 't ljocht!'

  Aanvang: 20.00 uur

Kosten: € 15,-
kaarten kun u bestellen via:
www.klaeswestra.nl/kaartverkoop

(jo kinne ek kaarten keapje bij de Primera yn Stiens)

 


Klaes Westra wie kabaretier, sjonger en toanielspiler yn de jaren '40,'50 en '60 fan de foarige ieuw. Mei syn Selskip Klaes Westra reizge hy de provînsje rûn mei syn conferences en ferskes.  
Syn beide pakesizzers Aeltje Walsma en Gea Verhaag bringe âlde ferskes en sketskes wer foar 't ljocht, oanfolle mei famylje-oantinkens en eigen ynbring. 

Eltsenien koe syn melangoalyske 'Plakje grûn' meisjonge en er waard dûnst op syn 'Djip yn é wâlden'. Mar hy wie ek maatskippykritysk mei konferences as 'Harke fan de fûgelwacht' oer it ljipaaisykjen en 'De swalker' dat feitelyk oer konsuminderen giet!

No, hast 75 jier fierder hawwe de pakesizzers al dat moaie materiaal oan ferskes en conferences fan 'e soulder helle. Tegearre ha sy in nij programma makke mei âlde en nije ferskes en grappen.


In nostalgyske, Frysktalige, noflike jûn!


 

 

Contact & Locatie

Dorpshuis "De Bining"
Wylde Tulpstrjitte 2
9056 PW Cornjum
tel: 058-2571690
Mail: klik hier